Comenius giet los mei lytsere klassen

05 nov 2015 - 18:39

Skoallemienskip Comenius yn Ljouwert start takom jier mei seis lytse klassen mei op syn meast 18 learlingen. Gewoanwei sitte der sa'n 30 bern yn in klasse. De lytsere klassen krije ek mear frijheid om projekten te kiezen. Mei de start fan dizze nije skoalle Forum giet de skoalle yn op de winsk fan âlders.

De skoalle ferwachtet dat de nije oanpak net allinnich goed útpakke sil foar de learlingen, mar dat ek de dosinten baat hawwe sille by dizze ûntjouwings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)