Sicco Boorsma lit skjin buro achter yn gemeentehús

05 nov 2015 - 17:22

Wethâlder Sicco Boorsma fan de gemeente Dongeradiel hat tongersdei syn buro leechromme. Boorsma moat der mei ophâlde no't syn partij ChristenUnie út it kolleezje fan b. en w. stapt is. De partij hat in skeel mei koälysjepartners CDA en FNP oer de útwreiding fan de keapsneinen yn de gemeente. Boorsma sil tongersdeitejûn noch in ferklearring yn de gemeenteried foarlêze en dan is it dien.

Hy sjocht dochs posityf werom op syn bestjoerdersperioade en giet no earst mei de frou op fakânsje om nei te tinken oer de takomst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)