Fryske topkok nei WK yn Koreä

10 apr 2012 - 12:56

Noch trije wike en dan sil topkok en Europeesk kampioen sjefkok Guido Panjer fan Ljouwert nei Koreä foar it WK foar sjefkoks. Hy nimt it op tsjin seis konkurrinten op de grutste foodshow fan de wrâld. Mei ûnder oaren Hillary Clinton as ien fan de ynternasjonale gastsprekkers en in publyk fan 30.000 minsken.

Elk frij oere giet no yn de tarieding. Mar it wurk giet ek gewoan troch. Guido Panjer is dosint kok op it Friesland College. Oare wike komt in filmploech út Koreä om Panjer te folgjen. Op 4 maaie is de finale.

Trefwurden: 
kok Guido Panjer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)