Man slacht mei in bile in pinautomaat oan pún

05 nov 2015 - 16:12

In man hat tongersdeitemiddei yn Wolvegea mei in bile in pinautomaat oan pún slein. Op YouTube stiet in filmke dat sjen lit hoe't de man ferskate kearen mei in grutte bile op de pinautomaat slacht. De plysje hat de man oanholden. It giet om in man fan 34 jier âld út Wolvegea. Hy hat ferklearre dat er lilk wie, en dat reagearre der ôf op de pinautomaat.

De pinautomaat yn it gebou fan de eardere ABN Amro bank oan de Haadstrjitte yn Wolvegea is folslein fernield en kin foarearst net mear brûkt wurde. Wannear't dat wol wer kin, kin de bank op dit stuit noch net sizze. Ek is noch net bekend hoe grut de skea presys is.

Sjoch hjirûnder nei it filmke.

Trefwurden: 
pinautomaat bile Wolvegea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)