Natoerorganisaasjes easkje ynformaasje oer sâltwinning Waad

05 nov 2015 - 12:52

Trije natoerorganisaasjes ha it ministearje fan ekonomyske saken yn gebreke steld omdat it ministearje mar net mei ynformaasje komt oer de sâltwinning ûnder de Waadsee. De Waadferiening, Natoermonuminten en de Fûgelbeskerming ha in saneamd WOB-fersyk yntsjinne om dy ynformaasje boppe wetter te krijen.

Dat fersyk is no fiif moannen lyn en eins heart de oerhied sa'n fersyk binnen acht wiken te behanneljen. Troch it ministearje yn gebreke te stellen, kin der nei twa wiken in twangsom easke wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)