Kollum: "It nijs fan de Bûten Post"

05 nov 2015 - 09:01

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op tongersdei de radiokollum fan Bart Kingma. Bart Kingma wennet yn Ried en wurket as programmamakker by Omrop Fryslân. Dêrneist is er kollumnist foar De Moanne en beheart er in eigen webside www.debutenpost.nl. Yn 2010 ferskynde fan syn hân de roman ‘Griene Simmer’. De kollum fan Bart bestiet út in oersjoch fan de (satiryske) nijsberjochten út De Bûten Post.

Goemoarn, dit is it nijs fan De Bûten Post fan dizze wike:

As de middenstân yn Dokkum de keapsnein in dei opskowe wol nei de moandei, hat de ChristenUnie gjin beswier mear tsjin it fenomeen. Dat hat de fraksje fan dy partij witte litten oan de gemeenteried fan Dongeradiel. Mochten de Dokkumer winkellju ree wêze om de keapsnein op moandei te hâlden, dan is dêrmei de koälysje yn de gemeente rêden.

Earder dizze wike foel dy koälysje útelkoar fanwegen de keapsnein-kwestje. De oare twa partijen yn it Dokkumer kolleezje, de FNP en it CDA, ha noch net reagearre op it nijste foarstel fan de ChristenUnie. Ek de middenstân sels hat noch net sein oft it meiwurkje wol oan de keapsneinmoandei.

De rispinge fan popcorn liket krekt op tiid klear te wêzen foar it Noardlik Filmfestival. Troch it droege waar kinne de lêste pear hûndert bunder mais dizze dagen goed fan it lân helle wurde. Neffens lânbouorganisaasje LTO is de opbringst prima. Sawol it folume as de kwaliteit fan de mais foldogge oan de ferwachtings.

Mei de rispinge kinne tûzenen pûden popcorn levere wurde oan De Harmonie en oare lokaasjes yn Ljouwert, dêr't nije wike it Noardlik Filmfestival fan start gean sil. It filmfestival is dêrmei de grutste ôfnimmer fan de maisboeren yn Fryslân.

Amateur-waarman Dirk Agricola fan Mitselwier hat by it KNMI de earste trije dagen fan novimber opjûn as fermist. De hobby-meteorolooch hat dagenlang om de dagen socht, mar hat se net weromfine kinnen.

Neffens Agricola wie it sicht min en lykje de dagen opgien te wêzen yn de grize massa. Hy tinkt dat de kâns lyts is dat de fermiste dagen noch werom te finen binne, mar sil foarearst noch wol trochsykjen bliuwe.

Loek Hermans fan Beetstersweach is fêst fan doel om him werom te fjochtsen yn de seleksje fan de Earste Keamer. Hermans is foarearst weromset nei it belofteteam en hopet dêr genôch spyltiid te krijen om sjen te litten dat er noch net ôfskreaun is.

Hermans hat akseptearre dat er tydlik in stap weromdwaan moat, mar fynt dat in fedette as hy noch net te âld is foar de absolute top. Yn it belofteteam wol hy sjen syn topfoarm werom te finen.

Koart nijs:

* De bline man dy't juster op It Hearrenfean yn in grêft foel, hie gjin grêftegordel om. Dat ha de helptsjinsten bekendmakke.

 * De FNV sil Taxi Klomp foar de rjochter slepe. Neffens it fakbûn is dat nedich omdat de taksys troch it fochtige waar min starte wolle.

* De grutte oefening op heechwetter liket út te rinnen op in mislearring. Nettsjinsteande de ynset fan sawat alle helptsjinsten hat it wetterskip witte litten dat it wetterpeil fan 'e wike net mear as ien sintimeter omheech kaam is.

It waar: Piet Paulusma jout kommende freed en sneon it strânsifer 7,5. Strângongers moatte wol oppasse dat it nei fiven toch in graadsje ôfkuolje kin. Barbecueë kin prima: de waarman jout foaral sneon in barbecuesifer 8.

Mear nijs op www.debutenpost.nl of folgje De Bûten Post op facebook en twitter. Freed wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Nynke Sietsma.

Trefwurden: 
De Toan fan Bart Kingma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)