Nederlân mei Erwin Zwart wint maklik fan Ingelân

04 nov 2015 - 22:04

Nederlân hat woansdeitejûn hiel maklik de lêste wedstriid yn de kwartfinales op it WK kuorbal yn België wûn. Oranje wie al wis fan de heale finale, tsjinstanner Ingelân ek. Under oanfiering fan LDODK-spiler Erwin Zwart waard datselde Ingelân mei 40-13 ferslein. Zwart wie de tûkste fan allegearre, hy makke alve doelpunten. In pear dêrfan wiene bjusterbaarlik moai.

Freed yn de heale finale is Sineesk Taipei de tsjinstanner fan Nederlân.

Trefwurden: 
kuorbal WK Erwin Zwart
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)