Follybalfroulju fan VC Snits winne fan Alterno Apeldoorn

04 nov 2015 - 20:53

De follybalfroulju fan VC Snits hawwe woansdei de kompetysjewedstriid tsjin Alterno út Apeldoorn mei 3-0 wûn. De earste set wie fuortendaliks in proai foar de Snitsers. Mei 25-16 waard de ploech út Apeldoorn ûnder druk set.

De twadde set sette lykwols dreger útein. De Snitser froulju kamen mei 6-10 achter te stean. Mei in protte hurd wurk koe de ploech de efterstân lykwols ombûge nei in 25-23 winst. Yn de tredde set pakten de Snitsers fuortendaliks troch. Se wûnen de set úteinlik mei 25-16.

Trefwurden: 
VC Snits follybal froulju
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)