Provinsje kriget lanlike priis foar oanpak skoalfersom

04 nov 2015 - 18:30

De provinsje Fryslân hat in priis wûn foar de wize wêrop't ferskate organisaasjes yn de provinsje mei-inoar gearwurkje om skoalfersom tsjin te gean. De priis waard woansdei útrikt troch it ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip. Njonken Fryslân wiene ek Utrecht en Rivierenland nominearre. De sjuery wie benammen ûnder de yndruk fan de wize wêrop't yn Fryslân gearwurke wurdt tusken ferskate regio's en MBO-ynstellings. Saken dêr't yn Fryslân op ynset wurdt, binne 1-minutegesprekken mei âlden en it organisearjen fan temajûnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)