Snitser manlju misdrage har

10 apr 2012 - 10:32

De plysje hat trije ynwenners fan Snits fan 20, 22 en 27 jier oppakt. Ien fan de trije goaide yn de nacht fan snein op moandei op de A7 by It Hearrenfean in pûde patat út in ridende auto. Dy bedarre op de foarrút fan in auto dy't de trije ynhelle.

Doe't de bestjoerder fan dy auto de trije letter by in tankstasjon op har gedrach oanspruts ûntstie der rûzje en trapen de trije tsjin de auto fan de man. Dy warskôge dêrop de plysje. Dy hold de trije letter oan yn Drachten en skreau in proses-ferbaal tsjin har út.

Trefwurden: 
Snits manlju
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)