Cambuur-supporters bekûgele

10 apr 2012 - 10:13
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat moandei nei ôfrin fan de wedstryd Cambuur-Willem II in 19-jierrige jonge út Berkel Enschot oanhâlden. De jonge goaide mei stiennen nei Cambuur-supporters.

Hy koe oppakt wurde troch meiwurkers fan it stadion en is dêrnei oerdroegen oan de plysje. Dy hat him foar fierder ûndersyk meinaam nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
SC Cambuur
(advertinsje)
(advertinsje)