Plysje lûkt pistoal by arrestaasje yn sintrum Ljouwert

04 nov 2015 - 12:34

Mei lutsen pistoalen hat de plysje yn Ljouwert woansdeitemoarn twa minsken oanhâlden. In plysjeman yn syn frije tiid seach it duo op it Saailân riden, wêrby't ien fan de ynsittenden in pistoal sjen liet. De auto waard troch meardere plysjeauto's klemriden, wêrnei't de twa fertochten mei de earmen omheech út de auto komme moasten. It giet om in 38-jierrige man en in frou fan 36 út Ljouwert.

It pistoal waard yn de auto fûn, mar it die bliken dat it om in nepwapen gie. De plysje ûndersiket wat de fertochten mei it yllegale wapen diene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)