Dronken Ljouwerter moat noch goed twa moannen de sel yn

04 nov 2015 - 11:58

De plysje Ljouwert hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei op de Voorstreek in 30-jierrige Ljouwerter oanhâlden. De man luts de oandacht om't hy dronken oer strjitte rûn. Ut ûndersyk die bliken dat de man noch 65 dagen de sel yn moast.

In 21-jierrige Harnzer is deselde nacht yn Ljouwert oanhâlden om't hy in hoarekaferbod hie en him der net oan hâlde. De plysje ûndersiket de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)