Fytsefabrikant Accell ropt mear as 9000 fytsen werom

04 nov 2015 - 11:17

Fytsefabrikant Accell Group op It Hearrenfean ropt mear as 9000 elektryske frouljusfytsen fan it merk Sparta werom. Troch lytse skuorkes yn it frame, kinne de E-bikes by in soad gebrûk ynmekoar sakje. Dat is in pear kear bard.

Dêrom ropt it bedriuw no alle 9300 fytsen werom om de frames te ferfangen. It bedriuw sil de klanten sels benaderje wanear't harren fyts oan de beurt is. De Accell Group wol net fertelle hoe grut de skeapost foar it bedriuw is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)