CDA stelt keamerfragen oer oanbesteging busferfier Qbuzz

04 nov 2015 - 10:48

It CDA yn de Twadde Keamer fynt it frjemd dat Qbuzz meidocht oan de oanbesteging fan it busferfier yn Fryslân. Keamerlid Martijn van Helvert hie ferwachte dat Qbuzz him net ynskriuwe soe foar in nije konsesje nei ûnregelmjittichheden by in soartgelikense oanbesteging yn Limburch.

It CDA hat hjiroer fragen steld oan minister Dijsselbloem om't Qbuzz in dochter is fan NS. De Nederlânske steat is foar 100 persint eigener fan de NS. Dijsselbloem hie earder sein dat de NS - en dus ek Qbuzz- him beheine moat ta it haadspoarnet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)