Plysje pakt twa manlju op by himpkwekerij yn Akkrum

04 nov 2015 - 10:02

De plysje yn Akkrum hat tiisdei twa manlju oanhâlden foar it telen fan himp yn in loads oan de Galamaleane. It giet om in 33-jierrige man út De Tynje en in 51-jierrige Drachtster. De manlju hiene in oanhinger mei apparatuer foar in himpkwekerij by harren.

Yn de loads waard gjin kwekery mear fûn, mar wol in romte dy't dêrfoar ynrjochte wie. De plysje docht fierder ûndersyk en hâldt de manlju fêst.

Trefwurden: 
himpkwekerij Akkrum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)