IM ferjit daging: fertochte Tsjûkemarmoard net op sitting

04 nov 2015 - 09:57

De saak tsjin de 30-jierrige ynwenner fan Easterwâlde yn de Tsjûkemarmoard is woansdeitemoarn net trochgien. It Iepenbier Ministearje hie fersomme de daging te tekenjen, wêrtroch dy net ferstjoerd wie. De fertochte is dus net ferskynd by de Ljouwerter rjochtbank. Syn advokaat sprekt fan in blunder fan it Iepenbier Ministearje.

Woansdeitemiddei moat in 19-jierrige ynwenner fan Amsterdam foar de rjochter ferskine. Hy waard ferline wike yn syn wenplak troch ûnbekenden besketten. De rjochtbank yn Ljouwert is derom ekstra befeilige.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)