Asfaltearringswurk op de A32: flinke file

04 nov 2015 - 08:20

Ferkear op de A32 fan Ljouwert nei It Hearrenfean moat rekken hâlde mei flinke fertraging. By Akkrum stiet in kilometerslange file as gefolch fan wurk oan de dyk troch Rykswettersteat.

Troch it asfaltearingswurk by it knyppunt Hearrenfean moat it ferkear oer de flechtstrook ride. It wurk duorret noch de hiele dei. Rykswettersteat advisearret bestjoerders om oer de Wâldwei en de A7 om te riden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)