Ambulânsepersoniel hat in nije CAO

04 nov 2015 - 07:23

Nei moannenlang aksje fiere, hat it ambulânsepersoniel in nije cao. It fakbûn FNV en wurkjouwer Ambulânsesoarch Nederlân hawwe tiisdei in prinsipe-akkoart sletten. De meiwurkers krije in strukturele leansferheging fan 7,5 prosint. Ek kinne meiwurkers âlder as 57 jier net langer twongen wurde om nachttsjinsten te draaien.

Dêrneist wurdt de taslach foar ûnregelmjittich wurk yn de fakânsje trochbetelle. Dit wie in wichtich punt yn de ûnderhannelingen. De nije cao giet yn op jannewaris 2016 en rint oant en mei 2018.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)