Boalsert rekket op termyn iennichste ferkearsljocht kwyt

03 nov 2015 - 21:28

De spesjale ynformaasjejûn oer de takomst fan de westlike yngong fan Boalsert hat tiisdei in soad belangstelling lutsen. In grut tal Boalserters kaam nei it âlde stedhûs om nei mooglike oplossings te sjen. Oan de westkant fan de stêd steane no noch ferkearsljochten, mar dy soene ferfongen wurde moatte troch ien of mear rotondes.

Ek soe it busstasjon fan Boalsert hjirhinne ferpleatst wurde. Mar hoe't dat der krekt út komt te sjen wolle de provinsje en gemeente Súdwest-Fryslân noch beprate mei de Boalserters.

Dy krije no yn in betiid stadium de kâns om mei te praten oer de mooglike oplossings. It oanpakken fan de westlike yngong sil net earder barre as yn 2019 of 2020.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)