Twadde Keamer wol fluch ynternet op alle basisskoallen

03 nov 2015 - 20:00

Yn 2017 moatte alle basisskoallen fluch ynternet hawwe. Dat hat de Twadde Keamer besletten. In moasje fan de ChristenUnie hjiroer krige tiisdei brede stipe yn de Keamer. In grut tal basisskoalle-learlingen hat no noch te meitsjen mei stadich ynternet. Foaral skoallen yn bûtengebieten hawwe lêst fan traach ynternet.

Dat sil gau feroarje, as it oan de Keamer leit. De Keamerleden wolle net dat der ûnderwiisjild nei de rappe ynternetferbiningen giet, mar wolle dat it jild út it ynvestearringsfûns hjirfoar brûkt wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)