Peaskespektakel lûkt 5000 man

10 apr 2012 - 07:53

It peaskespektakel moandei yn de Bosk fan Ypeij yn Tytsjerk, hat hast fiiftûzen besikers lutsen. Fan de opbringst, goed 30.000 euro, wurde fakânsjewiken organisearre foar kânsearme bern.

De Lionsclub organisearre it peaske-evenemint foar it fjirde jier. Der wiene 150 frijwilligers yn 't spier. Besikers koene ûnder oaren aaien sykje, meidwaan oan spultsjes en genietsje fan muzyk en teater.

Trefwurden: 
peaske lionsclub
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)