Stimulearring Frysk by lytse bern moat moderner

03 nov 2015 - 17:07

De stimulearring fan meartalligens by bern ûnder de fjouwer jier moat oars. As dat net bart, driget it Frysk de boat te missen. Dat seit de KAG, de koördinaasje- en advysgroep Foarskoals ûnderwiis. Neffens it KAG bliuwt it no tefolle hingjen yn it útdielen fan struibrieven en lesmateriaal. KAG fynt dat mear ynset wurde moat op it gebrûk fan bygelyks apps op de tablet. Ek de kommunikaasje mei de heiten en memmen moat moderner wurde.

Sa soe de foarljochting tenei mear plakfine moatte op sosjale media as Facebook en Twitter.

Alle ideeën en foarstellen steane op in rychje yn it troch it KAG opstelde Ambysjedokumint Taalryk foarskoalsk Fryslân.

Trefwurden: 
Frysk pjutten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)