Wettersport aardich posityf

Wettersporters
Wettersportûndernimmers ferwachtsje te profitearjen fan de Alvestêdetochtgekte fan earder dit jier. Dat docht bliken by de start fan it seizoen yn Terherne. Se hearre faak dat toeristen oer de Alvestêdetocht begjinne, oan de telefoan.
It oantal boekingen leit op syn minst gelyk, mar by guon al wat heger as ferline jier. Dútske toeristen binne noch altyd hiel belangryk foar de sektor, omdat dy - as it goed foldien hat - faak jierren efterelkoar komme.
By guon bedriuwen wurdt hast de helte fan de boaten oan Dútsers ferhierd.