Fertochten drugslab Hoarnstersweach bliuwe yn sel

03 nov 2015 - 15:38

Twa fan de trije fertochten yn de saak fan it drugslaboratoarium yn Hoarnstersweach bliuwe noch seker twa wiken langer fêst sitten. De manlju waarden freedtejûn oppakt yn it gebou oan de 19e wyk yn Hoarnstersweach. Yn it lab waard foar in heal miljoen oan grûnstoffen fûn om XTC-pillen fan te meitsjen.

De plysje ferwachet nei de fynst fan dit lab noch mear bedriuwen achterhelje te kinnen, dêr't XTC makke wurdt.

Trefwurden: 
drugslab xtc Hoarnstersweach
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)