VVD: "Gemeente hie ynwenners freegje moatten oer AZC Burgum"

03 nov 2015 - 15:02

De VVD yn Tytsjerksteradiel fynt it ferkeard dat de gemeente de ynwenners net frege hat om harren miening oer de útwreiding fan it AZC yn Burgum. It kolleezje fan b. en w. kaam ferline wike mei it nijs dat op it fuotbalterrein neist it AZC opfang komt foar nochris 200 flechtlingen.

De omwennens binne tongersdei bypraat op in saneamde ynformaasjemerk, mar doe wie it beslút al naam. De gemeenteried hat hjir neffens de VVD ek gjin stim yn hân. De gemeenteriedsleden binne yn in besletten gearkomste bypraat. Dat hie ek oars moatten, fynt de VVD.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)