Cambuur ferliest fan Willem II

09 apr 2012 - 16:38

Cambuur hat op eigen fjild mei 2-0 ferlern fan Willem II. Ald-Cambuurspiler Danny Guijt spile in haadrol oan de kant fan Willem II. Guijt sette de gasten út Tilburch al nei 3 minuten op foarsprong. Cambuur krige dêrnei twa grutte kânsen op de lykmakker, mar liet it yn de ôfrûning ôfwitte. Krekt foar it skoft wie it opnij Guijt dy't optimaal profitearre fan in misferstân tusken de Ljouwerter doelman en ferdigener Jonathan Vosselman. Rêststân 2-0.

Yn de twadde helte seagen de taskôgers in slap Cambuur, dat gjin inkele kâns mear kreëarre.

Troch it ferlies bliuwt de striid om pleatsing foar de neikompetysje spannend. Dêrfoar moat Cambuur einigje op it fyfde plak. De Ljouwerters steane no mei 50 punten út 31 wedstriden op in sechsde plak, ien punt efter FC Den Bosch.

Trefwurden: 
SC Cambuur Willem II
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)