Topdrokte op hûnesjo Ljouwert

© Omrop Fryslân, Remco de Vries
De tradisjonele hûnesjo yn it Ljouwerter WTC Expo hat op peaskemoandei seker fiif kear safolle besikers lutsen as ferline jier. Doe kamen der 500 minsken op ôf, mar no waarden der tusken de middei al 2500 minsken teld en dêrtroch wie der hast gjin parkearplak te krijen.
Der binne 2300 hûnen út sa'n 70 lannen wêrûnder ek in 'naakthond' út Perû. Neffens de organisaasje komme der diskear safolle taskôgers fanwege it waar. Ferline jier wie it 22 graden en moai waar. Dan komme der folle minder minsken.
De tradisjonele peaskesjo yn Ljouwert is de grutste hûnesjo fan Europa.