Frysk sukses by NK judo -17 jr

© stock.xchg, P. Nijhuis
Fryske judoka's hawwe sneon goeie saken dien by it NK judo oant 17 jier. Yn Tilburch waard Pascale Netzer út Snits Nederlânsk kampioene yn de klasse oant 40 kg. Foar Netzer, pupil by sportskoalle Poelstra, is it har earste nasjonale titel. Klupgenoate Sanne Vermeer út Stiens kaam yn de finale oant 52 kg krekt te koart en pakte it sulver. Natascha Ausma út Drachten pakte yn de klasse oant 63 kg it brûns.
Brûns wie der ek foar Brandon Tegelaar út Ljouwert. De pupil fan Judo A7, wûn de stiid om it 3 plak yn de klasse oant 66 kg mei in ippon.