Nachtcowboy op jacht nei jild

Twa partijen dy't te lijen ha fan besunigings fan it kabinet ha inoar fûn op Oerol yn de jacht op jild. It giet om Steatsboskbehear en teatergroep Cowboy bij Nacht. Dy lêste is dwaande mei de foarstelling De Meeuwen van Tinbergen. Dy foarstelling soe op Oerol yn premjêre gean moatte. Mar dêr is jild foar nedich; jild dat troch it publyk byinoar brocht wurde moat. Dat meie ek lytse bydragen wêze.
Bydragen kinne skonken wurde op webside voordekunst.nl. Cowboy bij Nacht hat 8.000 euro nedich foar de foarstelling. Dêrfan is de helte al binnen.