Boerum wol de mûne wer werom

09 apr 2012 - 12:02

Ynwenners fan it doarp Boerum binne bot oandien troch it folslein ôfbaarnen fan 'e histoaryske mûne yn it sintrum fan it doarp sneintejûn. De nôtmûne achter de tsjerke wie mear as twa ieuwen lang byldbepalend foar it doarp. De brân ûntstie sneintejûn even nei healwei alven. In heal oere letter stoarte de mûne al yn. De brânwacht koe der neat mear oan dwaan.

Foarsitter Pieter de Vries fan Pleatslik Belang Boerum die op peaskemoandei in oprop om de mûne wer folslein op te bouwen. De Vries wie ek frijwillich mûner.

Ek de stichting Erfgoed Kollumerland en Nieuwkruisland, de eigner fan 'e mûne, wol dat Boerum wer gau in mûne krijt. Dat kin ek, want de molen dy't sneintejûn ôfbaarnde, wie goed fersekere. De mûne stie al sûnt 1787 yn Boerum, as opfolger fan in oare mûne dy't yn 1785 útbaarnde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)