Manon Kamminga net fit genôch foar WK skeelerjen

02 nov 2015 - 20:58

Reedrydster en inline-skater Manon Kamminga fan It Hearrenfean docht net mei oan it wrâldkampioenskip skeelerjen yn Taiwan. Se is net fit genôch. Kamminga besocht har ôfrûne wykein te pleatsen foar de earste wrâldbekerwedstriden by it reedriden, mar dat slagge net. De bedoeling wie om yn dat gefal it WK skeelerjen te riden, mar dat giet no net troch.

"Het loopt niet zoals ik wil en dan valt er voor mij niet veel te halen", sei Kamminga nei ôfrin. "Ik moet nu eerst weer volledig fit worden."

"Ik heb veel gedaan in de zomer en ben nu al een tijdje niet in orde. Het duurt me te lang, vandaar deze keuze." Kamminga wie ôfrûne simmer noch tige súksesfol by it Europeesk kampioenskip skeelerjen. Se wûn fjouwer kear sulver en twa kear brûns.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)