Sân spuitsje yn Waadsee om sânplaten te behâlden

02 nov 2015 - 20:43

Sânplaten yn it Waadgebiet sille ferdwine, as der neat bart. It is no de heechste tiid om rêdingsplannen te betinken. Dat seit Herman Verheij fan de Waadferiening. Hy reagearret dêrmei op in ûndersyk fan it Wereld Natuur Fonds, útfierd troch Dútsers. Sy tinke dat sânplaten derûnder strûpe sille as de seespegel omheech komt.

Aksjes lykas sân yn de Waadsee spuitsje moatte al in hiel soad goed dwaan, tinkt Verheij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)