SC Cambuurferdigener Mac-Intosch moat ûnder it mes

02 nov 2015 - 20:29

SC Cambuurferdigener Calvin Mac-Intosch wurdt tiisdei operearre oan 'e knibbel. De sjochoperaasje moat dúdlikheid jaan oer de aard fan de blessuere dy't er snein oprûn yn de wedstriid tsjin SC Hearrenfean. Hy moast mei in brankaar fan it fjild droegen wurde.

Nei de operaasje wurdt ek mear dúdlik oer hoelang't Mac-Intosch net spylje kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)