Debakel by thússoarch Meavita: Loek Hermans stapt út senaat

02 nov 2015 - 17:13

Loek Hermans fan Beetstersweach stapt út de Earste Keamer. Oanlieding is de konklúzje fan de Undernimmingskeamer dat de eardere top fan thússoarchorganisaasje Meavita him skuldich makke hat oan wanbelied. Hermans wie dêr foarsitter fan de ried fan kommissarissen.

De thússoarchorganisaasje ûntstie yn 2007 troch in fúzje, mar gie twa jier letter fallyt fanwegen wanbelied. De rjochters fan de Undernimmingskeamer hawwe bot krityk op Hermans. Sa hat er ynformaasje achterhâlden foar kollega-bestjoerders.

Loek Hermans wie fraksjefoarsitter fan de VVD yn de Earste Keamer. Tusken 1994 en 1998 wie er kommissaris fan de Keninginne yn Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)