Advysburo foar enerzjybesparring Ekwadraat groeit as koal

02 nov 2015 - 16:58

De oerstap nei in duorsume ekonomy sil de kommende jierren ús libben bepale en feroarje. Dat is de oertsjûging fan Douwe Faber, direkteur fan it duorsumheidsbedriuw Ekwadraat yn Ljouwert. It bedriuw betinkt enerzjysunige plannen foar bedriuwen en ynstellings. Dat smyt dan wer besparrings op.

Ekwadraat groeit as koal. It bedriuw rekkenet oant 2018 op in ferdûbeling fan de omset en it tal wurknimmers. Dat soene dan 50 wurde yn plak fan 25. It falt net ta om goede minsken te finen, seit Faber.

Trefwurden: 
Ekwadraat enerzjy Douwe Faber
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)