Wat wurdt it: Nij-Westergo of Waadhoeke

02 nov 2015 - 16:17

Hokker namme kriget de nije fúzjegemeente yn Noardwest-Fryslân? Ynwenners fan de gemeenten It Bilt, Frjentsjerteradiel, Menameradiel en in tal doarpen yn Littenseradiel kinne fan tiisdei ôf wer stimme op in nije gemeentenamme. Se kinne kieze út Nij-Westergo en Waadhoeke.

Yn de earste stimronde foel de namme Franeker ôf. Stimme kin oant en mei 24 novimber. Mids desimber wurdt bekend watfoar namme de fúzjgemeente kriget.

De trije gemeenten en in tal doarpen fan Littenseradiel gean mei yngong fan 2018 op yn ien gemeente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)