Fjouwer fertochten foar ynbraken Grou oppakt

02 nov 2015 - 15:24

De plysje hat moandeitemoarn yn Grou trije jonges en in man oanhâlden, omdat se by in drogist ynbrutsen ha soene. De twa ynbraken wiene yn oktober en beide kearen waarden in soad sigaretten stellen. Nei ûndersyk koe de plysje de fjouwer fertochten fan 15, 16 en 22 oanhâlde, se komme allegearre út Grou.

De plysje giet der fanút dat se de stellen sigaretten trochferkocht ha. Minsken dy't der mear oer witte, wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)