Bestjoerskrisis yn Dongeradiel is noch net oplost

02 nov 2015 - 13:46

Der is noch gjin oplossing foar de bestjoerskrisis yn de gemeente Dongeradiel. Tongersdei stimde de fraksje fan de ChristenUnie tsjin in foarstel oer de keapsneinen, wylst de eigen wethâlder dêr foar wie. Dit wykein is drok oerlein, mar der is formeel noch neat oer nei bûten brocht. De twa opposysjepartijen dy't elk twa sitten yn de ried hawwe, It ABD en Dongeradiel Sociaal, binne net benadere as mooglike nije koälysjepartner.

Earder like it ek in opsje om troch te gean mei de populêre wethâlder Sicco Boorsma, mar dan ûnôfhinklik fan de ChristenUnie. Boorsma hat no witte litten dat hy dat net wol. De koälysje makket moandeitejûn nei it fraksje-oerlis bekend hoe't se fierder wolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)