Studinten NHL ride ûnder ynfloed yn simulator

02 nov 2015 - 13:01

Hoe fielt it om mei drank of drugs op achter it stjoer te sitten? Studinten fan de NHL yn Ljouwert koenen dat moandei ûnderfine yn in spesjale simulator fan de organisaasje Responsible Young Drivers. De studinten krigen in Virtual Reality bril op en kroepen achter it stjoer foar in sabeare rit op de iepenbiere dyk.

''Een leuke ervaring om eens te doen'', sa seit in studint fan de NHL yn Ljouwert. ''Maar ik kan het niet goed vergelijken, want ik weet natuurlijk niet hoe het echt is om met drank op achter het stuur te zitten''.

De simulator is opsetten troch ûnder oare de provinsje Fryslân en sil de kommende tiid ûnderdiel wêze fan in kampanje by ferskate eveneminten en op skoallen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)