Mole Boerum ôfbaarnd

09 apr 2012 - 07:14

De histoaryske mole fan Boerum is sneintejûn by in brân folslein ferlern gong. It fjoer ûntstie troch noch ûnbekende oarsaak om healwei alven. De oproppen brânwacht wie gau by de brân, mar koe net foarkomme dat de mole in goed heal oere letter al ynstoarte.

De mole is eigendom fan de stifting Erfgoed Kollumerland Nieuwkruisland. It gebou stiet midden yn Boerum en hat in wearde fan sa'n twa miljoen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)