Museum Dr8888 digitalisearret mei 'Kolleksje tichtby'

02 nov 2015 - 12:00

Museum Dr8888 hat in part fan syn kolleksje digitalisearre. Op dizze wize kinne minsken fanachter de kompjûter sa'n 450 stikken út de topografyske atlas Smellingerlân besjen. It museum hopet sa ek stikken sjen litte te kinnen dy't normaalsprutsen te kwetsber binne om oan it grutte publyk te toanen. Dêrneist moat it minsken waarm meitsje om ek nei it museum sels te kommen.

De digitalisearring makket diel út fan it projekt 'Kolleksje tichtby'. Yn totaal hawwe inisjatyfnimmers Tresoar en de Museumfederaasje in gearwurking sletten mei sa'n 30 musea om in part fan de kolleksje online te setten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)