Pleatslik Belang Balk striidt foar leefber doarp

02 nov 2015 - 11:23

Pleatslik Belang Balk freget de help fan ynwenners om it doarp leefber te hâlden. Mei twa enkêtes wol de feriening ideeën opdwaan om it sintrum en de foarsjennings op peil te hâlden. De RUG hat de fragelisten ûntwikkele.

Njonken de plannen foar it sintrum fan Balk binne der ek fragen makke oer de wurdearring fan de gebouwen yn it doarp. Mei de antwurden fanút it doarp wol Pleatslik Belang tegearre mei de Stichting DBF (Dorp Bedrijf Friesland) in plan foarlizze oan de gemeente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)