Appel ferneamd nei Marijke Meu

01 nov 2015 - 17:47

Yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert (HCL) hat wethâlder Isabelle Diks snein de alderearste Marijke Meu-appel krigen en preaun. Yn opdracht fan de Stichting Nassau en Friesland hat de Stichting Fruit yn Fryslân de nije appelsoart kweekt.

Wethâlder Diks beskreau him as 'lekker soppich' en fûn him bot lykjen op in Goudreinet. Ljouwert hat 2015 útroppen ta Marijke Meu jier.

Yn it HCL wurdt de kommende tiid dêrom in soad omtinken jûn oan Johan Hermann Knoop, de hofker fan Maria Louise Hessen-Kessel (Marijke Meu).

Hy waard bekend as grûnlizzer fan de Pomologica dêr't tal fan fruitsoarten yn beskreaun stean. Ynkoarten komt der in herútjefte fan dit noch altyd populêre boekwurk út.

Trefwurden: 
Marijke Meu Ljouwert appel HCL
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)