Foppe de Haan bedrige troch Cambuur-supporters
Supporters fan Cambuur hawwe Hearrenfean-trainer Foppe de Haan foarôfgeand oan de Fryske derby bedrige. De fans hienen it mobile nûmer fan De Haan achterhelle en hawwe him fan sneintemoarn ôf meardere kearen belle. Dêrby waarden ek bedrigings utere.
"Dat wie behoarlik ferûntrêstend, mar ik lûk my der neat fan oan", seit de Haan. Oft er oanjefte docht, is noch net bekend.