Reststân SC Hearrenfean - SC Cambuur: 2-0

01 nov 2015 - 15:16

SC Hearrenfean stiet snein by rêst mei 2-0 foar yn de Fryske derby tsjin SC Cambuur. Al yn de fjirde minút kaam Hearrenfean op in 1-0 foarsprong. Cambuur-ferdigener Dammers besocht in foarset fan Hearrenfean-middenfjilder Cavlan fuort te wurkjen, mar rekke de bal ferkeard. Fia de peal ferdwûn de bal achter doelman Nienhuis yn de goal.

Fuort dêrnei krige Van de Streek foar Cambuur in grutte kâns op de lykmakker, mar de measte en bêste kânsen wienen foar SC Hearrenfean. Under oaren St. Juste, Larsson en Te Vrede misten.

Yn de 34e minút ferdûbele Hearrenfean dochs de foarsprong. Te Vrede skoarde út in strafskop, nei in oertreding fan Anderson op Cavlan. De Ljouwerter ferdigener krige ek in giele kaart.

Nei de 2-0 grypte Henk de Jong yn. Hy helle middenfjilder Monteiro fan it fjild en brocht oanfaller Martijn Barto. Ta in doelpunt hat it lykwols noch net laat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)