Opstellingen Hearrenfean en Cambuur: Ogbeche ûntbrekt

01 nov 2015 - 13:35

Cambuur-spits Bartolomew Ogbeche ûntbrekt snein yn de derby tsjin SC Hearrenfean. It wie lang ûnwis oft de spits meispylje koe, om't er blessearre is oan de knibbel. Ogbeche wurdt ferfong troch Sander van de Streek. Ek Martijn van der Laan stiet net yn de basis. Hy is wol reserve. Dammers komt werom fan in skorsing en stiet wer yn de basis.

Ek SC Hearrenfean hat wiksele yn de spits. Troch in reade kaart is Henk Veerman skorst. Mitchell Te Vrede nimt syn plak yn. Fierder hat ferdigener Lucas Bijker in basisplak krigen tsjin syn âlde klup.

Middenfjilder Simon Thern begjint op de bank. Yn syn plak spilet Cavlan. Dêrtroch is Joey van den Berg in liny nei achteren skood en stiet Bijker linksback.

Opstelling SC Hearrenfean: Mulder, van Anholt, Otigba, Van den Berg, Bijker, St. Juste, Thorsby, Cavlan, Slagveer, Te Vrede, Larsson.

Opstelling SC Cambuur: Nienhuis, Anderson, Mac-Intosch, Dammers, Peersman, Overgoor, Monteiro, Bakker, Narsingh, Van de Streek, Rosheuvel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)