Sulver foar Marit Bouwmeester yn wrâldbekerfinale

01 nov 2015 - 12:20

Sylster Marit Bouwmeester út Warten is der net yn slagge goud te heljen yn de wrâldbekerfinale yn Abu Dhabi. Bouwmeester begûn de ôfslutende medaljerace yn de Laser Radial-klasse snein as earste, mar ferspile de lieding. Se kaam yn de lêste wedstriid as achtste oer de finish. It goud gong dêrtroch nei Josefin Olsson út Sweden. Bouwmeester waard twadde yn it einklassemint.

De wrâldbekerfinale wie foar de Wartenster in tarieding op it WK yn Al-Mussanah yn Oman fan 19 o.e.m. 28 novimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)