Twa minsken net goed wurden troch GHB yn Ljouwert

01 nov 2015 - 10:34

Twa minsken út Ljouwert binne yn de nacht fan sneon op snein nei it sikehûs brocht as gefolch fan it gebrûk fan de drug GHB. Om healwei trijen nachts is op it Saailân in Ljouwerter fan 26 jier net goed wurden. In ambulânse hat him nei it sikehûs brocht.

Om fjouwer oere krige de plysje wer in melding omdat in man net goed wurden wie. Dizze man fan 31 jier út Ljouwert hie nei alle gedachten ek GHB brûkt en is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
GHB Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)