Ferwûnen by botsing op de A7, dyk skoft ticht

01 nov 2015 - 10:23

By in ûngelok yn de nacht fan sneon op snein op de A7 tusken Grins en Drachten binne trije minsken ferwûne rekke. It giet om in 35-jierrige man út Damwâld en in stel fan 73 en 66 jier út Appingedam.

Troch noch ûnbekende oarsaak rekke de auto fan de man út Damwâld yn de slip. Hy botste dêrnei op de auto fan it stel út Appingedam. De A7 tusken Boerakker en Marum, yn de rjochting Drachten, hat in skoft ôfsletten west. By de Damwâldster is in bloedproef dien om te sjen oft er ûnder ynfloed fan alkohol wie.

Trefwurden: 
ûngelok A7
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)